Winst foar Jennie en Amarins!
Jennie Terpstra wûn as earste jiers famke yn Raerd de 1e priis Hja die mei by de trochinoarlotters, 9 pertoeren , hurde wyn en rein, mar noch wat yn de lijte fan it Raerder Bosk. Nei in spannende finale helle hja op 5-4 en 6-2 mei har maten de winst binnen Utslach: 1e prijs: Jennie Terpstra (Mantgum), Albertina Brinksma (Reduzum) en Angela Donga (Hallum) 2e prijs: Mintje Meintema (Dronryp), Anne Nieke Bergsma (Minnertsga) en Simone Oppedijk (Hallum) 3e prijs: Rixt Sinnema (Wergea), Jeannete Jansma (Dronryp) en Franke Jager (Dronryp). Amarins de Groot is twadde jiers skoalfamke en wûn yn Berltsum de 1e priis. Ek hjir striemin waar, mar neffens de keatsferiening Berltsum waard de hiele dei sûnder geprottel spannend keatst. Der dienen 22 twatallen mei Utslach: 1e prijs: Amarins de Groot (Mantgum) en Jiska Herrema (Menaam) (Finale: 5-3 6-6) 2e prijs: Selma van der Molen (Witmarsum) en Annet de Haan (Sint Annaparochie) 3e prijs: Kim Dijkstra (Makkum) en Hester Zijlstra (Berltsum) In wike lyn noch mear prizen Gjalt de Groot wûn by de KNKB skloaljongens yn Minnertsgea de 3e priis Thom Paternotte behelle by it federaasje keatsen yn Húns yn de ôffal omloop by de pupillen de 1e priis. Deselde prestaasje waard yn Húns, mar dan by de welpen, lefere troch Hendrik Wiedijk
Geplaatst op 12 May 2014